Dorine van den Beukel – Mei of sûnder streekje?

130614_usogo_300
In logo ûntwerpe foar in nije Fryske koöperaasje, dat is moai wurk foar in buro as gebr. van den Beukel. Wy fernimme dat de maatskippy feroaret. Hieltyd faker hawwe wy klanten dy’t dwaande binne mei duorsume inisjativen en dy helpe wy graach harren doel better te berikken mei heldere foarmjouwing.

Doe’t de namme fan’e enerzjykoöperaasje bekend waard – Ús Koöperaasje – woenen wy graach it streekje (ek wol: skerpteken) op’e u. Dat fûnen wy as foarmjouwers moaier. Mar foar it wurdbyld woenen wy ek graach in haadletter oan it begjin. “Ja. En dat mei dus net”, seine in protte minsken.

Logo’s moatte fansels net allinnich typografysk doge, mar ek taalkundich. Dêrom hawwe wy skille mei de Fryske Akademy en dy hat ús fersekere dat it mocht.

En sa hat it nije logo fan Ús Koöperaasje dus ál syn haadletter mei streekje krigen.

Dorine van den Beukel