Ons 44e lid: Meiinoar Grien Jellum Bears

jellum bears logoSinds de herfst van 2018 hebben wij ons 44e lid mogen verwelkomen: Meiinoar Grien Jellum Bears.
 
De coöperatie uit Jellum-Bears is ook wederverkoper van Energie VanOns, het is vanaf nu dus ook mogelijk om groene energie af te nemen via Meiinoar Grien Jellum-Bears!

Meiïnoar Grien wol Jellum-Bears sa duorsum mooglik meitsje (fossylfrij en energyneutraal), sawol yn enerzjyferbrûk as yn sosiaal opsicht. Se wol dat berikke troch it ynsetten fan de “wederkopers”fergoeding (fan Energie vanOns foar nije klanten), subzydzjes, partisipaasjes, goedkeape lieningen, ensf.

Hjirmei soene doarpsgenoaten / leden fan de koöperaasje meiïnoar sinnedaken ôfhiere kinne; ek kin meiïnoar panielen ynkocht wurde of oare energzjy besparjende ynfestearrings dien wurde, om sa de kosten te drukken. Politike en maatskiplike ûntwikkelingen sille goed yn it each hâlden wurde, sadat wij dêr op ynspylje kinne.

Jellum-Bears fossylfrij en energyneutraal
Troch ús, foar ús!

jellum bears

De persoanlike fisy fan Jellie Posthumus-Boersma bestjoerslid fan Enerzjykoöperaasje Meiïnoar Grien Jellum-Bears:

40 jier lyn makke myn skoansuster har al tige drok foar duorsumens, it kaam sa net goed mei ús planeet!
Se brûkte hast gjin plestik mear, iet biologysk, kocht allinich noch ECO-dingen ensfh. ensfh.
Wy fûnen it allegear mar oerdreaun, it soe wol wat tafalle toch…
Lokkich dat minsken as sy oan de bel lutsen!!
No binne we allegear oertsjûge fan it bilang fan duorsumens.
Ek al is it wat let, ik wol ek myn stientsje bydrage troch u.o. myn meitinken en lid wêzen fan E. M.G. Jellum/Bears, en hoe as we dat yn ús doarpen ynfolje kinne.

ItBestjoer-1024x576
Meer informatie:
https://grienjellumbears.nl/
https://energie.vanons.org/cooperaties/jellum-bears/